Haske Joure

Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Koartsluting – Fryske Krite

november 22, 2024 @ 8:00 pm - maart 28, 2025 @ 10:00 pm

€12,50

Koartsluting giet oer alzheimer en spilet him ôf op trije dagen, elk yn in oar seizoen. Yn elk seizoen sjogge wy Victor hieltyd mear wrakselje mei de gefolgen fan syn ferjitlikens. Hy komt stadichoan ta it besef dat er syn grip op de realiteit oan it ferliezen is. Hy rekket syn ûnthâld kwyt, wurdt betize en hat muoite om syn wurden goed te finen. Hy besiket syn ferjitlikens op ferskate manieren te ferbergjen, mar rekket dêrby yn in min sin. Syn fassinaasje foar taal spilet hjir in grutte rol, wylst er dúdlik oanfielt dat de taal him troch de fingers glydt. Charlotte, de frou fan Victor, wrakselet hjir ek mei. It is dreech foar te stellen hoe’t ien hiel helder wêze kin en in tel letter net mear wit wa’t sy is. Foar har stiet it libben ek op syn kop en komt it houlik sa’t it wie ûnder druk te stean. Julia, harren dochter, en Eva, de buorfrou, steane der wat fierder fanôf en reagearje op har eigen manier op de ferjitlikens en de minne sin fan Victor. Sy binne dêrneist drok dwaande om harren eigen libben wer op oarder te krijen.

Gegevens

Begin:
november 22, 2024 @ 8:00 pm
Einde:
maart 28 @ 10:00 pm
Kosten:
€12,50
Site:
https://www.fryskekrite.nl/kaarten/
Scroll naar boven