Teäterselskip: Pier21
Titel: En ik dan?
Subtitel: Sy helpt elkenien, mar wa sjocht nei har?
It Fryske teaterselskip Pier21 bringt op ’e nij in yndrukwekkende foarstelling oer in wichtich
maatskiplik tema. En ik dan? is in muzykteäterfoarstelling mei Hiske Oosterwijk, Lourens van
den Akker en Jochem le Cointre. In yngripend toanielstik oer mantelsoarch dat út en troch
wol in teaterkonsert liket.
Komposysjes fan Hiske Oosterwijk, rezjy fan Jos Thie en tekst fan Bouke Oldenhof
(Feteranen, Avond, Bijke). Dizze foarstelling is yn it Frysk.
Floor stiet altyd foar oaren klear. As famke moast sy thús altyd ynskikke, om't broer Roel alle
omtinken fan har heit en mem frege. No't har âlden ferstoarn binne, leit de earste
ferantwurdlikheid foar him by har. Ek yn har wurk as traumaferpleechkundige en yn har
relaasje mei Herman nimt se fansels de soarchrol op har. Mar as Herman út tankberens wat
foar har weromdocht, is Floor dermei oan as sy sels yn it middelpunt set wurdt. Is har soarch
foar oaren ta skea gien fan harsels?